In frou út Harns (22) is sneontejûn om
it libben kaam by in oanriding op de
Boarg. Dijkstrawei yn Frjentsjer. In
ynwenster fan Frjentsjer (76) ried mei
har auto oer de Van Voorthuizenwei.
Se hie in motor, mei dêrop de
22-jierrige frou, oer de holle sjoen en
in oanriding wie it gefolch. De
motorrydster rekke beknipe ûnder de
auto. De brânwacht hat de auto
fuorthelle, mar de frou wie al
ferstoarn.